De Hege Gerzen feroaret 'Wipe-uitje' yn 'Sjit-uitje'

23 jul 2016 - 12:51

Rekreaasje-ûndernimmer Sjerp Jaarsma fan it strânpaviljoen de Hege Gerzen yn Aldemardum hat de namme fan it arranzjemint Wipe-Uitje feroare. Neffens telefyzjeprodusint Endemol like it tefolle op it programma Wipe-Out. Endemol drige mei in koart pleit, en Jaarsma woe it dêr net op oankomme litte.

Hy soe it wol wûn ha, seit er, mar syn broer, dy't mei-eigener is, wie dêr lang sa wis net fan. En Jaarsma woe gjin famyljerûzje riskearje. In nije namme kostet him wol klanten, seit er. It arranzjemint yn Aldemardum hjit no Sjit-uitje.

Minsken kinne der nammentlik ek sjitte mei in pylk-en-bôge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)