Boubedriuw Friso út Snits mei laboratoarium yn Utrecht bouwe

23 jul 2016 - 09:34

Boubedriuw Friso yn Snits hat fan de Universiteit fan Utrecht opdracht krigen foar de bou fan in nij laboratoarium by de ôfdieling Geowittenskippen. It giet om in put fan sa'n 11 miljoen euro.

It Earth Simulation Lab wurdt duorsum boud en wurdt goed sântûzen kante meter grut. Foar de bou wurdt it kasko fan it âlde gebou op 'e nij brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)