Folkertsma helpt Oranje Liuwinnen ûnder 19 oan winst

22 jul 2016 - 21:52

Sisca Folkertsma út Sleat hat derfoar soarge dat de froulju fan Oranje ûnder de 19 har twadde wedstriid op it EK yn Slowakije wûn hawwe. Sisca makke it iennichste doelpunt fan de wedstriid, wêrtroch't Oranje wûn fan Noarwegen. Omdat de earste wedstriid ek wûn waard giet Oranje oan de lieding yn har groep. Kommende moandei wurdt de lêste groepswedstriid spile, Oranje moat it dan opnimme tsjin Frankryk. Sisca Folkertsma komt gewoanwei út foar de froulju fan PSV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)