Publyk entûsjast oer 'Us Dieretún'

It Omrop Fryslân-telefyzjeprogramma Us Dieretún krijt fan de sjoggers in 7.8. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro Kien. Dat frege sa'n 1000 minsken har miening oer Us Dieretún. Dy wiene posityf oant tige posityf oer it programma. Benammen it feit dat der no ek ris efter de skermen fan dieretún AquaZoo yn Ljouwert sjoen wurde koe spruts minsken oan. Us Dieretún hie 16 ôfleveringen dy't fan maart oant en mei july útstjoerd waarden. De ôfleveringen binne ek te finen op de webside fan Omrop Fryslân.