Brân op eilantsje yn Snitser Mar

© ANP
De brânwacht hat freedtejûn in brantsje útmakke op in eilantsje yn de Snitsermar. It gie om in brantsje by in steger. Earst besochten wetterplysjes it fjoer út te meitsjen, mar doe't dat net slagge waard de brânwacht oproppen. Dy hat it brantsje útmakke. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak, mar hâldt der earnstich rekken mei dat it fjoer oanstutsen is. Der wurdt in berop dien op tsjûgen om har te melden.