Plannen foar 'Fryske bitcoin'

22 jul 2016 - 19:52

Der binne plannen foar in nij betelmiddel, dat allinnich yn Fryslân te brûken is, de saneamde pyk. It giet om in firtueel betelmiddel, dat te fergelykjen is mei de bitcoin. Inisjatyfnimmer is René Poppen fan Poppenwier. Hy wol mei de pyk foaral it Fryske midden- en lytsbedriuw stimulearje. Fierder hopet Poppen dat Kulturele Haadstêd it firtuele betelmiddel in ekstra stimulâns jaan sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)