Sinneparken moatte Heak om Ljouwert enerzjyneutraal meitsje

23 jul 2016 - 06:00

Fjouwer sinneparken moatte de Heak om Ljouwert enerzjyneutraal meitsje. Bedriuwen dy't belangstelling hawwe foar de bou en eksploitaasje fan de sinneparken kinne har melde by Leeuwarden Vrij-Baan. De parken sille mei-inoar 4 Megawatt oan sinne-enerzjy opwekke, en dat is folle mear stroom as de dyk sels nedich hat.

Leeuwarden Vrij-Baan sil letter dit jier in merkpartij útkieze, dy't de sinneparken bouwe mei. It is it doel dat de sinneparken yn de rin fan takommend jier operasjoneel binne.

'Unyk foar Nederlân'

Neffens projektliedster Trienke Lantinga is de oanbesteging fan sinneparken by in nije autodyk 'unyk foar Nederlân'. Ek Rykswettersteat hat soks noch net earder by de ein hân.

Lantinga tinkt dat it yn 'e takomst wolris gewoan wurde kin. By de oanlis fan autodiken bliuwe gau stikjes grûn oer, dy't geskikt binne foar it pleatsen fan sinnepanielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)