Henk Kroes krijt blomke fan Willem-Alexander by Vierdaagse

22 jul 2016 - 17:43

Ald-Alvestêdefoarsitter Henk Kroes hat freedtemiddei yn Nijmegen in bosk blommen krigen fan Kening Willem-Alexander. Kroes krige de blommen by de finish fan de fjouwerdaagse, dêr't er al jierren oan meidocht. De kening wie by de fjouwerdaagse om't dy 100 jier bestiet. Neist oan 'e finish seach er ek ûnderweis by in fersoargingspost en by in brêge dy't definsje alle jierren spesjaal foar it evenemint delleit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)