Brêge Twellingea kin sneon wer brûkt wurde

22 jul 2016 - 15:45

De brêge by Twellingea kin fan moarn ôf al wer betsjinne wurde. Dat is in wike earder as de bedoeling wie. Oan de brêge is de ôfrûne tiid wurke, de kamrêden (tandwielen) yn de oandriuwing fan de brêge wiene yn minne steat. Under it wurk koe de brêge net betsjinne wurde en koene skippen heger as 7 meter 10 der net lâns. De buorden lâns de tydlike rûte dy't de skippen farre moasten, wurde sa gau mooglik fuorthelle of ôfplakt.

Trefwurden: 
Brêge Twellingea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)