Ljouwerter drankrider oanhâlden troch de plysje

22 jul 2016 - 13:42

In 22-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht oanhâlden nei't er mei drank op efter it stjoer siet. De man fêstige sels de oandacht fan de plysjes op him. Doe't hy de plysjes yn de Grutte Tsjerkestrjitte riden seach, sette er syn auto oan de kant, stapte út en naaide út. Doe't de plysjes him oanhâlden, ferklearre de man fuortendaliks dat er net riden hie.

Ut in test die bliken dat de man tefolle drank op hie. De man hie syn rydbewiis net by him. Hy moat him op 21 novimber by de rjochter melde.

Trefwurden: 
drankrider plysje Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)