Flechtlingen fuort út needopfang Heliconstate

22 jul 2016 - 12:55

De needopfang oan de Heliconstate yn Ljouwert is leech. Freedtemoarn binne de lêste 22 asylsikers nei oare opfangplakken ta brocht. It grutste part fan harren is nei Ter Apel tagien om dêr de útkomst fan harren proseduere ôf te wachtsjen. De needopfang iepene oan it begjin fan dit jier de doarren, 370 asylsikers binne hjir opfong. De needopfang is ticht om't de ynstream fan flechtlingen de lêste tiid in stik minder is.

It COA hiert it gebou oan de Heliconstate noch oant 1 oktober, foar it gefal de ynstream fan flechtlingen wer grutter wurdt. Der wurken 24 minsken fan it COA by de needopfang. It fêste personiel giet nei oare opfanglokaasjes, foar de útstjoerkrêften sit it der no op. Fierder wienen der 120 frijwilligers belutsen by de opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)