Skippersportret Gerhard Pietersma

23 jul 2016 - 06:15

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. It wurd is hjoed oan Gerhard Pietersma. 

Noch nea hat hy in jier mist by it skûtsjesilen. Pietersma is al mear as fyftich jier belutsen by it skûtsjesilen. Earst fan de kant ôf, letter by syn pake en heit oan board. Sûnt 2004 is hy skipper op it skûtsje fan Earnewâld, de ‘Twee Gebroeders’. Wy lizze Gerhard fjouwer fragen foar. 

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
“Myn earste echte taak oan board wie pylder, dat wie oan board by myn pake op it skûtsje fan Ljouwert. Fan myn alfde ôf wie ik offisjeel bemanningslid, dat wie fansels prachtich. Dêrfoar gie ik wolris mei of seach ik nei it skûtsjesilen fan de kant ôf. Mar echt meidwaan jout fansels in hiele oare diminsje oan it skûtsjesilen.”

Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
“Doe’t ik noch bemanningslid wie sylde ik mei op de Sneker Pan mei Douwe Visser as skipper. Yn 1995 sloech ús skûtsje om yn in wedstriid op ‘e Lemmer. Dochs waarden wy datselde jier ek kampioen en dat wie fansels wol hiel spesjaal. Mar as skipper haw ik ek wol in hiel moai momint meimakke. Ferline jier wûnen wy de wedstriid by Earnewâld. En in oerwinning foar eigen publyk is dochs wol it moaiste dat der is.”

Hoe makkest fan de bemanning in team?
“Troch in soad mei syn allen te arbeidzjen. Yn de winter traine wy mei-inoar yn de seal mar wannear’t it waar it talit, rûn ein febrewaris/ begjin maart, stappe wy op it skûtsje. Mar wy meitsje ek tiid foar oare dingen. Dizze winter hat elk bemanningslid sels in training fersoarge. Elk hat wol in eigen sport of passy en dat hawwe wy mei syn allen dien yn dy training. It makket je as team better.”

Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
“Fryslân hat alles. Myn fakânsje is it skûtsjesilen mar ik fyn Fryslân, de Fryske marren mar ek oare stikken fan Fryslân altyd prachtich. It ferhaal efter guon plakken is hartstikke moai, dat giet dan yn my om wannear’t ik der bygelyks del fyts.”

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)