Fraach nei Turkske flaggen bot tanommen

22 jul 2016 - 11:57

Troch de ûntwikkelings yn Turkije is de fraach nei Turkske flaggen by de Dokkumer Vlaggen Centrale bot tanommen. Der binne de lêste dagen fia de webside tsientallen eksimplaren besteld. It bedriuw hat fan elk lân flaggen op foarried lizzen. Mocht de fraach fierders tanimme, dan kinne der op koarte termyn flaggen bydrukt wurde.

Neffens it bedriuw is der by ûntwikkelings yn lannen altyd wol in stiging fan de fraach nei flaggen fan it bewuste lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)