Ferkeap elektryske fytsen nimt noch hieltyd ta

22 jul 2016 - 09:02

De ferkeap fan elektryske fytsen fan de Accell Group op It Hearrenfean bliuwt groeien. Dat hat it bedriuw, bekend fan Batavus, Sparta en Koga, freedtemoarn bekend makke. De omset út de ferkeap fan e-bikes gie mei 39 prosint omheech. De elektryske fytsen binne dêrmei goed foar 43 prosint fan de totale omset fan it bedriuw.

De omset út de ferkeap fan tradisjonele fytsen gie mei 15 prosint omleech. De totale omset gie yn de earste helte fan dit jier omheech nei hast 630 miljoen euro, wylst de nettowinst omheech gie nei 34 miljoen euro.

It bedriuw giet der fanút dat de groei ek yn it twadde healjier fan 2016 trochsette sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)