1200 bunder mais ûnder foly

30 apr 2012 - 15:32

Der wurdt dizze maitiid yn Fryslân in rekôrtal bunders grûn beboud mei mais ûnder foly. Mei-inoar giet it om 1200 bunder. Der hat trije jier lang yn Fryslân in proef west mei dizze metoade fan mais ferbouwe.

It bedriuw achter mais ûnder foly sit yn Ierlân en ferwachtet dat de groei der noch lang net út is. Dit jier koe net mear foly levere wurde, mar der wurdt oan útwreiding fan de produksjekapasiteit wurke. It doel is om 10 % merkoandiel te krijen. De foly lost út himsels op en soarget net foar fersmoarging.

Trefwurden: 
boer mais foly lânbou ferbouwe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)