Oranje ûnder de 19 nei penalty's tsjin Dútslân net nei WK

Michel Vlap © Patrick Vlap
It is Oranje ûnder de 19 tongersdei net slagge om de Dútsers te ferslaan yn in kwalifikaasje wedstriid foar it WK U19. Nei 90 minuten wie de skoare mei 2-2 gelyk, wêrnei't in ferlinging folge. De Dútsers kamen hjiryn earst op foarsprong, mar Nederlân makke noch gelyk. Hearrenfeanspiler Michel Vlap krige yn de ferlinging noch de kâns om mei te spyljen. Hy waard foar Duarte yn it spul brocht. By de penalty's miste de Hearrenfeaner lykwols de beslissende strafskop, en moast Oranje mei in penalty-einstân fan 4-5 de winst oan de Dútsers litte.
Hjirtroch mist Oranje ûnder de 19 it WK.