Minder hout út Kiekenberg helle

Steatsboskbehear kapt folle minder hout yn boskgebiet de Kiekenberg by Nijhoarne omdat de natuer net talit om de winske 1200 kúb hout út de bosk te heljen. Der sit ûnder oaren in hauk, dassen en in tal beskerme planten dy't derfoar soargje dat de plannen oanpast binne.
Kuierders of fytsers dy't dizze dagen ûnderweis binne yn de bosk kinne konfrontearre wurde mei swiere masines. Dy kinne eins allinnich simmerdeis goed yn de bosk komme omdat it gebiet winterdeis te wiet is.