Organisaasjes wolle fan Fryslân sûnere provinsje meitsje

In tal organisaasjes wêrûnder in soarchfersekerder, de provinsje en it Fryske Gea wurkje oan in manifest ûnder de namme de 'Gezondste Provincie' mei as doel de sûnens fan de Friezen te ferbetterjen. Yn oktober wolle sy mei it manifest nei bûten komme.
Dat is tongersdei sein by de presintaasje fan it boekje 'Wandelen door It Fryske Gea'. De tolve moaiste kuiers yn Fryske Gea terrein stean der yn en dêr is ek ferlet fan, want it tal minsken dat yn de natuer kuierje wol, nimt ta. Dat komt mooglik mei troch eveneminten lykas de Slachtemaraton.