Mollema bliuwt twadde yn de Tour de France

21 jul 2016 - 18:04

Hurdfytser Bauke Mollema hat syn twadde plak yn it algemien klassemint yn de Tour de France mei súkses ferdedige. Mollema waard yn de yndividuele klimtiidrit oer 17 kilometer 17e. Winner fan de etappe waard Chris Froome. Hy ferstevige syn liedende posysje yn it klassemint. Mollema stiet no twadde op 3 minuten en 52 sekonden fan Froome. Tredde is de Brit Adam Yates op 4.16 en fjirde Nairo Quintana op 4.37. Freed en sneon binne der noch twa berchetappes yn de Tour de France. Snein is de ein tradisjoneel op de Champs d'Elyseés yn Parys.

"Ik heb gewoon een prima tijd neergezet. De tweede plaats behouden is goed", sa seit Mollema tsjin de NOS. "Ik ben blij dat ik beter voor de dag kwam dan gisteren, ik had goede power in de benen. Je weet dat deze tijdritten belangrijk zijn voor het klassement."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)