Tytsjerksteradiel sil better kommunisearje oer swimbad

21 jul 2016 - 16:32

De gemeente Tytsjerksteradiel fynt it slim dat it swimbad De Sawn Doarpen yn Gytsjerk op in hite dei as dy fan woansdei in skoft ticht west hat. Troch besunigings is it swimbad gewoanwei tusken healwei alven en ienen ticht. By waarm waar wurdt dêr lykwols in útsûndering op makke. Woansdei gie dat mis en kamen ferskate minsken foar in tichte doar. De gemeente sil tenei in dei yn it foar op de webside fan it swimbad de oanpaste iepeningstiden dúdlik meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)