Bysûndere stikelbaarch fûn yn Snits

21 jul 2016 - 15:40

Yn Snits is woansdei in albino stikelbaarch fûn. En dat is tige bysûnder, want soksoarte stikelbargen binne der net in soad yn Europa. It bist waard fûn by de Aldi yn de stêd, de minsken dy't it bist seagen hawwe fuortendaliks de diere-ambulânse belle. Dat wie mar goed, want de stikelbaarch wie slim ferwûne.

Yn de tuskentiid is it lytse bist al twa kear opereare. It giet op dit stuit in stik better mei de albino. It bistje wurdt thús by frijwilliger Jelly Kootje fan Stichting Dierenambulance De Meren fersoarge.

Neffens Kootje is it stikelbarchje fjouwer wiken âld. Se tinkt dêrom dat de mem it bistje biten hat, om't it har bern ferstjitte woe.

It bistje hat noch gjin namme. Minsken dy't in leuk idee hawwe wurde oproppen om harren te melden fia de Facebookpagina fan Jelly's Beestenboel.

Trefwurden: 
stikelbaarch natuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)