Ljouwert: Drokke keninginnedei

30 apr 2012 - 13:49

De keninginnedei-aktiviteiten yn Ljouwert lûke moandei mear besikers as ferline jier. Dat is de ynskatting fan de organisaasje. It is mooglik dat der wol sa'n 100.000 besikers op ôfkomme. Ek de belangstelling fan ferkeapers is grutter. Alle plakken dy't dêr foar bedoeld binne, binne beset.

Op eigen inisjatyf hawwe ferkeapers ek oare plakken beset, lykas by de Noarderbrêge en de Vrouwenpoortsbrêge. De organisaasje hat besocht dat te foarkommen yn ferbân mei de feiligheid, mar de belangstelling wie sa grut dat dat net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)