Minder Fryske bern ûnder tafersjoch fan jeugdsoarch

21 jul 2016 - 12:03

It tal Fryske bern dat ûnder tafersjoch pleatst wurdt fan it eardere buro Jeugdsoarch is yn it ôfrûne jier flink nei ûnderen gien. Yn totaal gie it ferline jier om 234 bern, in delgong fan tweintich persint. Neffens it Regysintrum Beskerming en Feiligens, dat sûnt 1 jannewaris de taken oernaam hat fan buro Jeugdsoarch, komt dat trochdat in grut part fan de problemen no oplost wurdt troch saneamde gebietsteams.

De gebietsteams besykje al folle earder by te springen by famyljes en bern yn problemen om sa foar te kommen dat se ûnder tafersjoch pleatst wurde. It tal bern dat troch bygelyks skoalfersom by de jeugdreklassearring telâne komt, is yn 2015 wol tanommen. Fan 165 gefallen yn 2014 nei 188 ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)