Oanriding op It Hearrenfean: fytser nei sikehûs brocht

21 jul 2016 - 11:38

Op de Abe Lenstra Boulevard op It Hearrenfean is tongersdeitemoarn om tsien oere hinne in fytser ferwûne rekke by in oanriding. De man waard skept troch in auto. Meardere helptsjinsten waarden oproppen, wêrûnder in traumahelikopter. Dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen.

De fytser is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de oanriding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)