Soargen by ynwenners Ravenswâld om mooglike komst tbs'ers

21 jul 2016 - 11:29

Ynwenners fan Ravenswâld hawwe soargen oer de mooglike komst fan tbs'ers nei harren doarp. Dy soene in plakje krije kinne yn in pleats oan de Lycklamafeart, dêr't no noch in klinyk sit foar minsken mei in ferslaving of psychyske problemen. Dy giet yn septimber ticht, wêrnei't Trajectum deryn komt. Dat is in stichting foar de behanneling en begelieding fan minsken mei in ferstanlike beheining, ûnder oare ek tbs'ers.

Opfang

Yn Ravenswâld sil Trajectum op syn meast njoggentjin minsken opfange. Pleatslik Belang seit dat de ynwenners wolle dat harren feiligens garandearre is. Se wolle witte wat de mooglike komst fan tbs'ers foar har betsjut. De ynwenners fine dat se te min belutsen binne by de plannen.

Petearen

Pas neidat alle hantekeningen set wiene, kaam der in ynformaasjegearkomste, seit Pleatslik Belang. Der sille no petearen komme tusken Pleatslik Belang, de doarpsbewenners, de gemeente Eaststellingwerf en Trajectum.

Trefwurden: 
Ravenswâld tbs'ers Trajectum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)