Chris Froome oan de start fan Profronde Surhústerfean

21 jul 2016 - 11:19

Hurdfytser Chris Froome sil takom wike meidwaan oan de Profronde fan Surhústerfean. De organisaasje is der foarearst as iennige yn slagge de Britse Tour de France-renner fêst te lizzen. Froome stiet op it punt foar de tredde kear yn syn karriêre de Tour de France te winnen. Mei noch fjouwer etappen te gean stiet er earste yn it klassemint. Earder wûn er ek al yn 2013 en 2015.

Froome die ien kear earder mei yn de Profronde fan Surhústerfean. Yn 2013 waard er twadde efter Bauke Mollema. Dyselde Mollema stiet takom wike tiisdei ek oan de start yn Surhústerfean, lykas Tom Jelte Slagter, Bert-Jan Lindeman, Lieuwe Westra en Pieter Weening.

Mollema ek oanwêzich

Woansdei waard al bekend dat Bauke Mollema takom tiisdei ek oan de start fan de Profronde fan Surhústerfean ferskynt. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)