Motorrider rekket ferwûne nei botsing by Pitersbierrum
By in oanriding op de Hearewei yn Pitersbierrum is woansdeitemiddei in 38-jierrige motorrider út Ljouwert ferwûne rekke. De man botste op in bestelbus dy't ôfslaan woe.
De 54-jierrige bestjoerder fan it buske joech de motorrider gjin foarrang, in oanriding wie it gefolch. De motorrider moast mei de ambulânse nei it sikehûs.