Kollum: ''Pokémon''

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.
''Je sjogge op ynternet de meast idioate filmkes. Wat minsken net oan domme dingen dogge en op film fêstlizze, de ein is der fan wei. Tsjinwurdich kinne jo, as gewoane Fries of ynwenner fan Fryslân, fergees dit soarte filmkes meitsje. Jo hoege der net fier foar te reizgjen, gean mar nei it doarpsplein en jou jo dêr del op in bankje. As it waar wat knap is, sille jo binnen in pear minuten bern en jongefolwoeksenen foarby kommen sjen dy’t yn trâns binne. Se sjogge jo net, mar binne folslein rjochte op harren mobile telefoan omdat se efter sabeare popkes oansitte. Wolkom yn de beskaving fan 2016, bêste wrâldbefolking. Pokémon rules the waves.
Mei wat gelok rint der ien live mei de harsens tsjin in lantearnepeal oan of wurdt fan de sokken riden troch in frachtwein. Dat is in foute grap, mar dat moatte jim my mar ferjaan. Ik prate ferline wike mei in goede kunde fan my. Dy sei, dat as wat der yn Nice bard is earne yn in stêd lykas Bagdad plak fûn hie, it yn in lyts berjochtsje op side fiif yn in rjochter kolomke fermeld en fuort stoppe wie. En wy hienen it miskien net iens lêzen, want wy wienen op syk nei de útslaggen fan de Tour en oefenwedstriden fan de BVO’s. Wy stompe ôf foar nijs oer terreur. De opset fan terreur is om minsken benaud te meitsjen. Mar, sei myn gesprekspartner, ek de minsken yn troch terreur ferskuorde gebieten libje troch. Se kinne net oars, want aloan benaud wêze is gjin libben. Dus moat de terreur grouwéliger wurde om ús oandacht wer te krijen en te soargjen dat wy wer benaud wurde. Dan moatte der live koppen rôlje, mei frachtweinen op mannichten ynriden wurde en mear ultra wrede úteringen fan machteleaze ûnmacht.
Wy skine hjir yn Fryslân goed te wêzen yn de game yndustry. Ha jim wolris nei de gemiddelde game sjoen? Dêr miterje samar in stik sa 50 figueren dea del, want it doel yn in soad games is om safolle mooglik lju om te lizzen. De bern fan no wurde grut mei eksessyf geweld. Fandêr dat se ek gewoan de eksekúsje fan dy malloatige frachtweinsjauffeur filmje en op it ynternet sette. Alle idioate dingen lizze je hjoed-de-dei fêst op film en sette dat online. Wy sjogge nei dy filmkes en geane oer ta de oarder fan de dei. Even is jo tl fan Twitter oerstjoer, mar dat jout him nei in dei wol wer del. Ferplichte kost is dat fan de regearingen út salvjende wurden troch de premier, as er net mei fakânsje is,  oer ferlichte rou útsprutsen wurde.
It sil wol. De app Pokémon GO is foar de gemiddelde bewenner fan west Europa wichtiger as de safolste oanslach. Wa hat it no noch oer Brussel? As de Omropsjoernalist dat moarn op de freedsmerk oan de jeugd fan Ljouwert freegje soe, bin ik wol wis dat mear as de helte net iens mear wit hoe’t dat fleanfjild hjit. Pokémon is folle belangriker. Terreur is net leuk. Dus wolle je dat sa gau mooglik út jo systeem ha. Pokémon GO en hurdringoeroe Evy helpe mei dat ferwurkjen. De geweldige Australyske band Crowded House hat ea in nûmer skreaun dat Dont Dream It’s Over hjit. Yn de tekst komme dizze prachtige poëtyske rigels foar:
in the paper today
tales of war and of waste
but you turn right over to the T.V. page
En sa is it. Wy lêze alle ellinde al lang net mear, mar sjogge wat der op TV is, of drave mei de kop tsjin in lantearnepeal. Pokémon GO en Evy. Moai is dat, alles better as hingjen bliuwe yn terreur.''