Wenboat makket wetter by ferslepen yn Terherne

20 jul 2016 - 21:19

De brânwacht moast woansdeitejûn yn aksje komme fanwege in wenboat dy't wetter makke. Dat wie yn de Meinesleat by Terherne. De boat waard sleept doe't de problemen ûntstienen.

Mei twa blusboaten fan de brânwacht waard help ferliend. Ek in brânwachtauto fan De Jouwer waard oproppen, mar dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen.

Trefwurden: 
wenboat Terherne sleep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)