"Fergees parkearjen lûkt mear minsken nei It Hearrenfean"

It ôfskaffen fan it parkearjild op It Hearrenfean soarget derfoar dat der mear minsken nei it sintrum komme. Dat sizze fjouwer ûndersikers fan de NHL-Hegeskoalle yn Ljouwert. Sy ha yn opdracht fan de de opposysjepartijen yn de gemeenteried fan Hearrenfean ûndersyk dien nei it mooglike effekt fan de maatregel.
Op it stuit moat der noch gewoan betelle wurde. Yn it sintrum stean lykwols in soad saken leech en binne tal fan winkels ferdwûn. De Feanster ûndernimmersferiening pleite earder al om it parkearjen moarns fergees te meitsjen.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fielde dêr lykwols neat foar. De studinten ha no in fergelyk makke mei ûnder oare Stienwyk. Dêr is it parkearjen de earste twa oeren fergees. Undernimmers dêr sizze dat it sûnt it ôfskaffen fan it parkearjild drokker wurden is. De opposysjepartijen wolle it ûnderwerp no opnij op de aginda sette.