Terherne dûkt yn it ferline mei in nije app

20 jul 2016 - 19:58

Besikers fan Terherne kinne meikoarten mei in app yn it ferline fan it doarp dûke. Fia de app kinne ferhalen ôfharke wurde oer tsien lokaasjes oan in earder rivierke yn it doarp. Dy ferhalen wurde ferteld troch de Kameleon-twilling Hielke en Sietse.

It idee foar de app komt fan de Stichting Vrienden van de Kameleon. Dy krijt der in bedrach fan goed 8.000 euro foar út it mienskipfûns fan de provinsje. it projekt kostet goed 20.000 euro.

Trefwurden: 
Terherne app mienskipsfûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)