Lêste aubade Dakkapel

30 apr 2012 - 11:57

Yn Snits hat de Blauhúster dakkapel op Keninginnedei foar de alderlêste kear de aubade hâlden. Nei achttjin jier hâldt it orkest dermei op. It alderlêste optreden fan it dweilorkest is op 1 novimber. Yn Snits waard moandei fan de gelegenheid gebrûk makke om de earste en fuortendaliks ek lêste CD fan de dakkapel te presintearjen.

De lêste aubade fan de Dakkapel luts in soad minsken nei de Snitser binnenstêd. Boargemaster Hayo Apotheker neamde it optreden fan de dakkapel 'bysûnder' en 'emosjoneel'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)