WoonFriesland set sinnepanielen op 15.000 huzen

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
Wenningferhierder WoonFriesland wol op 15.000 fan syn huzen sinnepanielen pleatse. Dy moatte de hierders fan de huzen in besparring fan sa'n 100 euro op de enerzjykosten opsmite. De plannen moatte de kommende moannen noch fierder útwurke wurde, dêrnei sille de hierders benadere wurde. Dy binne net ferplichte mei te wurkjen.
It is de bedoeling dat de earste 1000 sinnepanielen op huzen yn Ljouwert komme.