Smellere rydstroken op de A6 troch wurk oan rotonde

20 jul 2016 - 16:02

Ferkear dat oer de A6 fan De Jouwer nei De Lemmer wol, moat de kommende tiid rekken hâlde mei smellere rydstroken. De maatregel hat te krijen mei it wurk oan de rotonde by De Jouwer. Troch de rydstroken smeller te meitsjen ûntstiet der romte foar wurkferkear. De fersmelling begjint op 29 july en duorret nei alle gedachten de rest fan it jier.

Earder waarden al de rydstroken fan De Lemmer nei De Jouwer smeller makke. Tagelyk mei de fersmelling jildt ek in maksimum snelheid fan 70 kilometer yn 'e oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)