Bauke Mollema fytst nije wike yn Profronde Surhústerfean

20 jul 2016 - 15:55

Bauke Mollema docht takom wike tiisdei mei oan de 35e Profronde fan Surhústerfean. Dat hat de organisaasje woansdei bekend makke. Mollema is dwaande mei in hiele sterke Tour de France. Mei noch fiif etappe's te gean stiet er twadde yn it algemien klassemint achter giele truidrager Chris Froome. Yn 2013 wûn Mollema al ris de Profronde.

Oare bekende nammen dy't ek yn Surhústerfean oan de start komme, binne Tom-Jelte Slagter, Bert-Jan Lindeman, Lieuwe Westra en Pieter Weening.

Slagter en Lindeman dogge dit jier ek mei oan de Tour de France. Westra en Weening binne fansels de regionale favoriten. Letter makket de organisaasje it fierdere dielnimmersfjild bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)