Psy-Fi Festival hat de fergunning binnen

De gemeente Ljouwert jout it Psy-Fi Festival in fergunning. Psy-Fi is fan 24 oant en mei 28 augustus yn natuergebiet de Griene Stjer yn Ljouwert. Ferline jier hawwe omwenners bot klage oer it festival. De gemeente seit in wiidweidige evaluaasje hâlden te hawwen en hat yn de fergunning foar dit jier strangere easken steld. It giet dan ûnder oare om lûd, parkearjen, de organisaasje en de logistyk.
Ek stelt de gemeente Ljouwert mei it festival in spesjaal mailadres yn, dêr't omwenners mei klachten en opmerkings terjochte kinne.
Rob Durand fan de organisaasje fan Psy-Fy is tige wiis mei it beslút. Hy seit dat hy ek net oars ferwachte hie omdat de oanfraach oan alle easken foldie. Durand fynt de beheinings dy't oplein binne spitich. Hy hie graach in festival organisearre dat dei en nacht trochgie. Dochs is it feit dat it no trochgiet it wichtichste. De 15.000 kaarten foar it festival binne hast útferkocht en ek de camping is al sa goed as folboekt. Dit jier set it festival mear yn op live-shows.