FIDEO: Simmer yn Fryslân

20 jul 2016 - 15:19

De earste tropyske dei fan 2016 yn Fryslân. Wat dogge minsken dan? Jawis, nei it wetter foar de ferkuolling. En ek foar de bisten is it wetter it moaiste plak by dizze hege temperatueren.

Ek op Skylge en Flylân binne woansdei tropyske temperatueren helle. Dat meldt waarburo Weeronline. Dat it op beide eilannen waarmer wurdt as 30 graden komt net faak foar. Sûnt yn 1994 begûn is mei it byhâlden fan de temperatuer op Skylge hat it dêr acht kear 30 graden of waarmer west. Op Flylân wurdt sûnt 1996 mjitten en dêr waard oant no ta fiif kear in tropyske temperatuer helle. Ek op de fêste wâl fan Fryslân kaam de temperatuer boppe de 30 graden te lizzen.

Trefwurden: 
simmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)