Gruttegast stipet kleanbank Surhústerfean

Kleanbank
De gemeente Gruttegast (Grinslân) jout 2000 euro oan de kleanbank yn Surhústerfean. Dat meldt RTV Noord. It jild fan Gruttegast wurdt ûnder oaren brûkt foar de hier fan it gebou en de elektrisiteit. De gemeente jout it jild om't tachtich prosint fan de brûkers fan de kleanbank út Gruttegast komt. De gemeente wol net in eigen kleanbank opsette.
Gruttegast spriedt de bydrage oer twa jier. Achtkarspelen jout alle jierren fyfhûndert euro subsydzje.