Nij strantsje Skûlenboarch no al in sukses

20 jul 2016 - 14:18

It nije strantsje by Skûlenboarch is noch net offisjeel iepene, mar besikers witte it plakje no al te finen. De hege temperatueren fan dizze dagen lûke in soad minsken nei it nije plakje om te swimmen.

De iepening stiet pland yn augustus. De gemeente Achtkarspelen is ek noch fan doel om dêr sanitêr del te setten. Der is al wol in hoarekafoarsjenning. It strantsje leit oan de râne fan de sânwinning.

Trefwurden: 
Skûlenboarch strân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)