Marit Bouwmeester: "Goud, wat oars telt net"

28 jul 2016 - 06:15

Nije wike freed begjinne yn it Braziliaanske Rio de Janeiro de Olympyske Spelen. Fansels dogge der ek wer Friezen mei. Yn de oanrin nei de Spelen stelle we alle Fryske dielnimmers foar. As earste Marit Bouwmeester. 

"Sulver is neat. Allinnich goud telt." It is hielendal Marit Bouwmeester. Twadde wurde is gjin opsje. As je twadde wurde, binne je de earste ‘loser’. En dus telt der dizze simmer mar ien ding foar de sylster út Warten: goud!

"Moat ik even prate? Foar it lûd?" Foar it ynterview moat it lûdsnivo even ynsteld wurde. "No, ik ha al sa'n moaie stim. Op Twitter krij ik wolris in reaksje: "Wie is die vrouw met die enorme kutstem?" En ik snap it hielendal. Myn stim komt oeral boppe-út. Dat ha ik my sa oanleard op it wetter en blykber praat ik altyd sa, haha."

Hiel gewoan

Bouwmeester hat selsspot. Se is sûnt har sulveren medalje en WK-titel dochs ek in bekende Nederlanner wurden, mar beslist net arrogant. Marit is sa as de Lama's alris songen "Zo lekker gewoon gebleven." As je har belje, nimt se op of bellet se werom. As je har in berjochtsje stjoere, krije je fuort antwurd. Soks liket hiel gewoan, mar is it net yn de top fan de sportwrâld, dy't dominearre wurdt troch managers en saakwaarnimmers.

Marit sit goed yn har fel. As fitnessbeest hat se yn har freon in goeie fûn. Mei him wennet se no yn Voorburg en traint se faak tegearre. Boppedat wennet se tichteby Scheveningen en dus by it wetter. Se wurdt traint troch Jaap Zielhuis en har broer Roelof Bouwmeester. "Dat is in perfekte kombinaasje. Mei myn broer diel ik alles en kin ik goed sparre. Jaap helpt my taktysk en technysk in bettere siler te wurden." Fjouwer lyn makke har Ingelske trainer Mark Littlejohn bekend der mei op te hâlden. Doetiids in flinke klap foar har. "Mar efterôf tink ik dat it wol goed west hat. It hat der foar soarge dat ik selsstanniger wurden bin. Myn eigen keuzes meitsje moat en dat hat my sterker makke."

Wetter yn Rio

Dêr’t op it Olympyske wetter fan Weymouth gewicht in belangrike rol spile, sil it yn Rio der hiel oars oan ta gean. "We hawwe gjin idee wat foar waar it wêze sil yn Rio. Dat wikselet konstant en boppedat sile we op ferskillende plakken op it wetter. Dêrtroch moat je allround wêze en op alle omstannichheden ynspylje kinne."

Konkurrinsje

Yn de Laser Radial is it fjild grut, lyk as de konkurrinsje. De Sinese Xu is der ek wer by, de frou dy't der yn 2012 foar soarge dat Bouwmeester krekt gjin goud, mar sulver helle. De Sinese wie lykwols ophâlden en is eins sûnt sa'n oardel jier wer dwaande. Ek de Belgise Evi van Acker (brûns OS 2012) bliuwt in konkurrint en op it lêste WK einige Bouwmeester krekt bûten it poadium efter de nije Ingelske wrâldkampioene Alison Young, de Amerikaanse Paige Railey en de Deenske Anne-Marie Rindom. "Ik baal noch altyd fan dat lêste WK yn Meksiko. Ik lei op de lêste dei twadde en doe wie it alles of neat. Ik einige yn de foarlêste race as 19e." Dêrmei einige se sels as fjirde. "Mar dat makket my neat út. Fjirde of sulver. Ik ha beide kearen net wûn."

Marit liket de grutte favoryt foar goud yn Rio. Se is de meast komplete sylster fan allegearre en hat ek de meast konstante prestaasjes delsetten de lêste twa jier. Oft it slagget, hinget benammen yn it silen fan in soad dingen ôf, ek gelok spilet in rol. Mar goud? It kin, absolút. Boppedat is der foar Marit mar ien ding dat telt: winne!

Marit Bouwmeester har wedstriden binne tusken 8 en 15 augustus. Mei op 11 en 14 augustus in rêstdei. As it waar it talit, sylt se eltse dei twa races. De bêste tsien pleatse har dan foar de finale, de saneamde medaljerace op 15 augustus. De punten yn dy race telle dûbel. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)