Min waar op komst

20 jul 2016 - 10:04
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Hjoed kin elkenien genietsje fan it waarme waar, mar oan de ein fan de middei moatte je oppasse. It KNMI jout fan fiif oere fan 'e middei koade giel ôf foar ús provinsje. Der is dan kâns op flinke buien mei tonger, hagel, wynstjitten en in soad delslach. De warskôging bliuwt fan krêft oant middernacht.

Trefwurden: 
waar koade giel
(Advertinsje)
(Advertinsje)