Portier Nijstêd bedrige

30 apr 2012 - 10:14

De plysje hat yn Ljouwert sneintenacht in Rotterdammer (21) oppakt. De man hie yn in hoarekagelegenheid op de Nijstêd in portier mei de dea bedrige. Dat die er doe't dy him út de smokersromte helle hie, neidat dêr problemen ûntstien wiene.

De plysje hat de man meinaam nei it buro en dêr fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Nijstêd bedrige portier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)