Kollum: "Wrâldnijs"

De Toan fan Eelke Lok © Omrop Fryslân
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"Wit jim wat tsjintwurdich sa moai is? Dat de hiele wrâld safolle tichteby kaam is. Alles wat der yn dy grutte wrâld bart dat witte we fuortendaliks. En we kin ek daliks goed meidwaan. Yn de rest fan de wrâld bin se dwaande de hiele wrâld ôf te brekken. No dat dogge wy dus ek.
Berjocht. In man fan 40, 45 jier hat ruten ynsmiten fan de Salvatortsjerke yn Ljouwert. Skandalich. Njoggen ruten hie der ynsmiten, doe kaam de plysje pas. Doe is dy man mar útnaaid. Se ha him noch net wer fûn. Mar dy man hat net samar njoggen ruten ynsmiten, it wiene ek noch dûbele ruten. Ik wit net werom as der dûbele ruten yn in tsjerke sitte, mar dêrfan bin njoggen ynsmiten. It is ferskriklik en skandalich.
Oar berjocht. De plaggehutten oan de Spoekeplas by Noardwâlde moatte miskien wol fuorthelle wurde. Dy bin nammentlik foar de safolste kear fernield. Dat stie yn it berjocht: de safolste kear. We witte dus net as it twa, trije, of fiif kear is, nee de safolste kear. It moat dien wêze troch jeugd fan eigen doarp. Mar dat is net wis. Dat nimme se oan. Mar it moat hast wol, want foarsitter Jan Hettinga fan doarpsbelang is bot teloarsteld yn syn eigen jongerein. Dy hat, fynt hy, gjin respekt foar de plaggehutten. En dy wurde noch wol brûkt foar it simmerfestival, dan sit de âlden fan dy bern dêryn te barbecueën of sa. De fraach dy’t by je opkomt is: hoe’t je respekt toane moatte foar plaggehutten, mar safier bin se noch net. Earst dat fernielen foarkomme. Doarpsbelang tinkt deroer om dy plaggehutten mar ôf te brekken. Da’s wer moai, dan hoege de bern ek dat respekt net mear te toanen.
Dan is der ek noch brân útbrutsen yn it opslachgebou fan de kuorbalferiening DTS yn Surhuzum. DTS is De Tûke Smiters. De plysje hat swiere fertinkingen. Want der is in rút fernield fan dat opslachgebou. Se tinke no, let wel, se tinke dat troch dat stikkene rút in brânbom nei binnen smiten is. Hiel tûk smiten. Mar wol in bom. In brânbom.
Brânbom. Raar wurd. Wie’t net in stikje brânende krante. Of in peukje. Wie der in tûke smiter dy’t sa lulk wie dat Ruslân al syn sporters oant de strôt ta fol doping smiten hat. It hat dan gjin doel mear om tûk te smiten om’t dy doping Russen dochs tûker smite sille as De Tûke Smiters. Tusken heakjes as dy Russen yn Sotsji hjir mei wurke ha, wat ha dy Nederlânske riders dan wol net hân, want dy wiene wol trije kear sa goed. Mar goed, dy tûke brânbommesmiter kin ek in sporthater wêze. Dy’t de goarre fuotbaljen, hurdfytsen en olympysk gedoch wat oer ús hinne kwakt wurdt, net mear oan kin en dan mar in brânbom smyt.
Bin dy plaggehutten oan de Spoekeplas yn Noardwâlde fernield om’t immen se net moai fûn. Of dat se it lânskip by de Spoekeplas sa bedjerre. Of is der in ferwidering tusken de jeugd fan Noardwâlde en de âlderein. Of ha asylsikers tocht dat dit harren nije opfang wurde soe en it alfêst mar ôfbrutsen. Of wiene it lju dy’t tsjin asylsikers binne, dy’t itselde tochten.
En dy man dy’t fuortfytste by de Salvatortsjerke doe’t de plysje kaam. Wennet dy yn de buert en fynt er de tsjerkeklokken sneintemoarns tsjin healwei tsienen net sa noflik. Of is hy lulk dat Ruurd Walinga der snein de 31ste komt mei ûnwize grappen. Yn in evangelyske tsjerke noch wol. Mar it kin ek immen wêze dy’t de islam oanhinget, ek noch tsjin dat westerske kristlike gedoch is, en syn eigen oarloch alfêst begûn is.
Ach nee. Dit wykein waarden acht minsken oanhâlden foar geweldssitewaasjes yn it Ljouwerter hoarekalibben. Yn de fearterminal (wat in ferskriklik wurd) yn Harns waarden 53 minsken oanhâlden mei drugs yn it rêchsekje. Op guon plakken is in bedriuw foar it bouwen fan himpplantaazjes ûntdutsen. 483 fan de 1073 kontrolearde auto’s rieden te hurd by Lauwerseach. Trije Kollumer jonkjes oanhâlden foar fernielingen.
Wy bin krekt as de hiele wrâld oan it ôfgliden mei ús mienskip. En we witte krekt as dy wrâld net, wêr’t we útkomme sille."