Ferklaaide dronken man fan de dyk helle

De plysje hat fannacht in dronken automobilist fan de dyk helle op de A7 by Terwispel. De 67-jierrige Snitser siet ferklaaid as frou achter it stjoer en parkearde op it parkearterrein by it tankstasjon. De plysje die in kontrôle en rûkte in sterke alkohollucht yn de auto. Dêrop moast de man in blaastest dwaan. Dêrút die bliken dat er tefolle dronken hie.
Neidat de man him omklaaid hie, is er meinaam nei it plysjeburo. Dêr krige er in rydferbod en in proses-ferbaal. It wie net de earste kear dat de man trappearre waard op it riden mei drank.
Meikoarten moat er foar de rjochtbank ferskine.