Robbie van Wieren sjongt PC-liet: 'Hjoed is myn dei'

19 jul 2016 - 21:57

Sjonger Robbie van Wieren is frege om it nije keatsliet foar de PC te sjongen. Hy sil it ferske 'Hjoed is myn dei,' skreaun troch tekstskriuwer Ate de Jong, moarns by de resepsje foarôfgeand oan de PC hearre litte. Ek koart foar de finale sil hy it liet nochris sjonge. Van Wieren waard frege om it nije keatsliet te sjongen, om't syn heit Robert van Wieren, ien fan de fjouwer bruorren is fan de bekende keatsfamylje út Marsum. Yn it liet giet it ûnder oaren oer in wier bard ferhaal oer de PC yn oarlochstiid.

'It giet oer de Dútsers dy't de foarsitter fan de PC gizelje. De Dútske kommandant nimt dêrnei yn de PC-tinte plak,' fertelt Van Wieren.

Yn it radioprogramma PC-kafee fan Omrop Fryslân lit Van Wieren it ferske ynkoarten foar de earste kear hearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)