Minne wedstriid foar Cambuur: 3-0 ferlies tsjin Almere City

19 jul 2016 - 21:34

Yn in tige minne oefenwedstriid ferlear Cambuur tiisdeitejûn yn Epe fan Almere City mei 0-3. Almere City wie de bettere ploech. Yn de 15e minút kaam Soufyan Ahannach allinnich op Cambuur-keeper Harm Zeinstra ôf en skeat de bal binnen. Dernei wie der mear balbesit foar Cambuur, mar ta grutte kânsen foar de Ljouwerters kaam it net.

Yn de sechstichste minút skeat Rick ten Voorde fia in penalty de 0-2 foar Almere City binnen en yn de 63ste minút wie it opnij Ahannach dy't skoarde, ditkear út in goed útspile counter.

Nei in oere wiksele trainer Rob Maas trijekwart fan syn seleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)