Subsydzje foar grien skoalplein Wergea

Nijbou fan skoalle De Twamêster yn Wergea © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Basisskoalle de Twamêster yn Wergea krijt 20.000 euro subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns foar it realisearjen fan in saneamd grien skoalplein. It 'High Tech Talent Plein', dat yn totaal sa'n 100.000 euro kostje sil, moat in plein wurde dêr't romte is om te bewegen en te ûntspannen yn in griene omjouwing. Op it skoalplein komme boarterstastellen en der kinne ferskate sporten dien wurde. Fierder wurdt der romte makke foar fruitbeammen en in flinter- en grientetún. Ek komt der in amfiteater dêr't plak is foar 140 minsken.
Sadwaande kin it skoalplein ek brûkt wurde foar muzyk- en teaterfoarstellingen yn it doarp. De wurksumheden moatte dit jier noch úteinsette.