Spesjale pier foar cruiseskippen yn Starum

19 jul 2016 - 16:53

In nije pier spesjaal foar cruiseskippen moat der foar soargje dat der alle jierren tûzenen ekstra toeristen nei Starum komme. It giet dan benammen om de wat âldere groep toeristen. De nije pier yn Starum waard fan 'e middei feestlik yn gebrûk naam mei de komst fan it 90 meter lange skip Serena. Op it cruiseskip sieten goed 100 Dútske senioaren. De Serena is relatyf sjoen noch in lyts skip. It grutste skip dat no oan de nije pier yn de haven fan Starum oanlizze kin is 110 meter.

De kosten fan it nije oanlisplak binne goed 900.000 euro.

Trefwurden: 
cruise Cruiseskippen Starum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)