Trije jonges oppakt foar fernielings Kollum

© ANP
Trije jonges fan 14,15 en 16 jier út Kollum binne oanhâlden fanwege fernielings yn it doarp. De ôfrûne trije moanne hawwe der ferskate fernielings west oan benammen bushokjes.
In tsjûge seach yn de nacht fan 18 op 19 juny dat der in bushokje fernield waard en makke der bylden fan. De plysje hat op basis fan dy bylden en oare ynformaasje de trije jonges oanhâlden. Se wurde yn alle gefallen fertocht fan it fernielen fan trije bushokjes en in tagongsdoar.
De jonges binne wer nei hûs stjoerd nei it ferhoar. Mear oanhâldingen wurde net útsletten.