Oud ferlit Spikerpakkeband

Blaszing.nu website
De Spikerpakkeband út de gemeente Opsterlân nimt ôfskie fan dirigint Thijs Oud. Nei sân jier ha beide partijen besletten har gearwurking te beëinigjen. De Spikerpakkeband, dy't útkomt yn de earste divizyje, waard ûnder lieding fan Oud ûnder oare Nederlânsk Brassband kampioen yn 2008 en 2009.
It seizoen wurdt ôfmakke ûnder lieding fan in ynterim-dirigint, yntusken wurdt der om in fêste ferfanger fan Oud socht.